Fier dyn frije taal

Ik doch mei!

Fier dyn frije taal en stjoer in gedicht yn oer it tema: haadsaak. Brûk de wurden dyt’sto wolst!

Lit mei ús de kleurichheid fan it taallânskip sjen en libje dy út yn in fers. Oftsto no Turks of Arabys, Frysk, in Frysk dialektyk, Nederlâns of Ingels brûkst, dat makket neat út: brûk de taal dy’tsto wolst!

Yn al dy farianten spilet ien fraach de haadrol

Wat is haadsaak? 

Dy fraach is it ûnderwerp fan dyn gedicht

  • Do hoechst dy net oan regels te hâlden, by dit eksperimint.
  • Alle leeftiden kinne ynstjoere.
  • De beste/moaiste/friste/meast frije fersen falle fansels op.
  • In seleksje sil publiseard wurde yn in dichtbundel.
  • Do kinst no al begjinne mei yn te stjoeren (op syn meast graach twa). Op 1 maaie 2016 sette wy al gedichten op dizze webside: foar de ynspiraasje!
  • De finale útkomst wurdt bekend makke by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.