FAN DE HAADSAAK IN GEDICHT

Oer de nijstêd fan de dagen
rinne wy elkoar foarbij
heine hjir en dêr gesichten
witte net fan dij of mij
Iepen boek yn sletten eagen
wurge gong op klinkersein
wiffe sang op sneon en snein
yn gesichten mei ferhalen.

 

Dy’t ferbyldzje fan ‘e dreamen
flonkerje fan leaf en lok
fan ‘e blommekream mei roazen
mei de knop foar dyn gelok
Dy’t fertelle fan de nachten
op ‘e riepe fan ‘e ramp
of de flecht fan faaie fûgels
stikeltrie om hiem of kamp.

 

Oer de nijstêd fan de dagen
rint it libben ús foarbij
al dy tekene gesichten
leed en lok fan dij en mij
Wa fertelt yn minsketalen
fan de haadsaak in gedicht
fynt in goddelik gesicht
yn befrijende ferhalen.

 

Jelle Bangma

 

Categories: Bangma Jelle (1955)