DÊR’T SÂN OPWAAIT

Dêr’t sân opwaait
basalt bedekt
en spoaren steane yn it sân.
Dêr’t weagen rûzje,
wynfleach byldhout,
dêr is ús Amelân. 

Dêr’t stoarm fernielt
en beammen brekt,
de minske rydboskje lit.
Dêr’t swier waar
bolderjend gatten slacht,
de eangst mâlgûle lit. 

Dêr’t sinne ferbrânt
it grien ferblikt
en helm griis kleuret.
Dêr’t see befriest
en weach ta iis wurdt,
dy kruiend meiskuort. 

It is it wylde
dat dy oanlûkt
en ek it moaie, sêfte,
dat is wat it eilân
dy jout…
altyd dat ûnferwachte.

  

Ria Dokter, fertaling Tetsje van der Sluis

Categories: Dokter Ria (1950)